Wiersma wint Strontrace

© Omrop Fryslân
André Wiersma mei it skip Swan fan Donia hat de Strontrace wûn. Yn 42 oeren is er fan Warkum nei Warmond en wer werom syld. Ferline jier wûn Wiersma ek al. Twad wie Rust na Arbeid fan skipper Rudolf le Poole. Dat skip hie tiisdei earst noch in foarsprong, mar de Swan mocht in koartere rûte farre en koe sa as earste einigje.
It earste part fan de tocht, út Noard- Hollân wei, wie dreech om't der net folle wyn stie.