Iepen fjoer yn fjoertoer Warkum

20 okt 2004 - 17:18

Foar it earst sûnt 1860 hat yn de nacht nei woansdei yn de fjoertoer fan Warkum wer iepen fjoer baarnd. It fjoer waard yn 1860 ferfongen troch in oaljelamp. Dy lamp die oant 1933 tsjinst as beaken foar de skippers.

Tiisdeitejûn stuts de grûnlizzer fan de Strontrace, Reid, it fjoer oan om de binnenkommende skippers fan de race it paad te wizen. Mei it fjoer wol Reid ek protestearje tsjin it skrassen fan bemande fjoertuorren op it Waad.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)