Fivers Wolvegea wurde skjinmakke

20 okt 2004 - 14:23

De fersmoarge fivers yn de wenwyk De Heide yn Wolvegea wurde foar 700.000 euro opknapt. Alteast, as de kompassubsydzje fan de provinsje tasein wurdt. De kwaliteit fan it wetter fan de fivers is de lêste jierren bot efterút rûn. De fivers stjonke en de fisk giet dea.

Fiskferiening De Snoek hat ek in ûndersyk dien nei de kwaliteit fan de grutte fivers. De gemeente nimt de oanbefellings mei by de opknapbeurt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)