Gemikaliëbedriuw giet nei Arum

20 okt 2004 - 13:17

De festiging fan it Bureau voor Dactyloscopische Artikelen ferhuzet fan Snits nei Arum. BVDA ûntwikkelt en produsearret produkten foar de technyske resjerzje en forensyske laboratoaria. It giet om gemikaliën dy't brûkt wurde foar it meitsjen fan finger- en skuonprinten.

Neffens de direksje makket it bedriuw unike produkten dy't yn mear as fyftich lannen brûkt en ferkocht wurde. Yn Arum komme foarearst sân minsken te wurkjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)