Boarger-inisjatyf Smellingerlân?

20 okt 2004 - 11:36

In mearderheid yn de gemeenteried fan Smellingerlân is foar it útstel fan de FNP om boarger-inisjativen yn te stellen. FNP-riedslid Repke Hollema wol op dizze wize de boargers mear belûke by de gemeentlike polityk.

Mei it boarger-inisjatyf kinne minsken sels ûnderwerpen op de politike aginda krije. De riedsgriffier sil mei in tal riedsleden in útwurke plan meitsje. Oer in pear moanne wurdt it stik behannele yn de riedskommisje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)