Rjochtsaak stekpartij útsteld

© Omrop Fryslân
De rjochtsaak tsjin de 14-jierrige fertochte fan'e stekpartij op praktyk- skoalle de Compagny op It Hearrenfean giet op 'e nij net troch. Tiisdei soe de jonge foarkomme mar it psychiatrysk ûndersyk is noch net klear. In pear moanne lyn hie syn advokaat frege om dat ûndersyk.
De jonge wurdt derfan fertocht dat hy ein maart in 17-jierrige meilearling mei in jirpelmeske stutsen hat. It slachtoffer rekke dêrby swier ferwûne.