Nije oanbieder fan thússoarch

© Omrop Fryslân
Samenzorg en Zorggarant leverje ûnder de flagge fan Thuiszorg Noorderbreedte thússoarch. Dy gearwurking is nedich om't Thuiszorg Noorderbreedte as relatyf nije oanbieder fan thússoarch hurd groeit.
Om wachtlisten tefoaren te kommen wie de kar: sels groeie of partners sykje om de groei mei op te fangen. Gearwurking wie gau te regeljen. Dat betsjut net automatysk dat soks ek in fúzje fan de trije organisaasjes opsmyt.