Monumintenota yn Smellingerlân

19 okt 2004 - 15:19

De gemeente Smellingerlân komt mei in monumintenota. Yn de nota stiet hokker monuminten it earst yn oanmerking komme foar ûnderhâld en restauraasje. Der binne sawat 50 ryksmonuminten yn de gemeente dy't driuwend ûnderhâld nedich hawwe.

Hotel Vreewijk yn Drachten stiet net op de list. It gebou is gjin monumint, mar hat wol in gefoelsmjittige en histoaryske wearde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)