Cheryl (13) wer werom

19 okt 2004 - 11:59

De 13-jierrige Cheryl út Hearrenfean is wer werom. Woansdeitemoarn wie it famke fan hûs weirûn, sûnder har tillefoan. Moandeitejûn om in oere as seis seach in bekende fan it famke har rinnen. De man warskôge daliks de âlden fan it famke en de plysje.

De plysje fûn it famke úteinlik yn de buert fan har âlderlik hûs en hat har oerdroegen oan har mem. It liket goed te gean mei har. Wêr't se de lêste fiif dagen tahâlden hat, is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)