Bestjoer Cambuur achter trainer

19 okt 2004 - 00:00

Bestjoer en direksje fan Cambuur hawwe noch it folste fertrouwen yn trainer Dick de Boer. Dat seit algemien direkteur Merkus as reaksje op de plannen fan de supportersferiening om freedtejûn aksje te fieren by de wedstriid tsjin Heracles.

De supporters binne ûntefreden oer de prestaasjes dit seizoen. Beloofd wie dat Cambuur by de earste seis stean soe mar it 16e plak is no de realiteit. Cambuur is net ynformeard oer de aksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)