Nije oanpak Limor wurket

18 okt 2004 - 14:54

De oanpak fan de maatskiplike opfang Limor yn Fryslân om potinsjele swalkers op te spoaren foardat se op strjitte bedarje, liket te wurkjen. Nei oanlieding fan spotsjes op de Fryske tv hawwe sawat 30 minsken harsels melden.

Limor is eigner fan de krisisopfang yn Ljouwert. Dêr komme minsken dy't mei bygelyks psychyske en finansjele problemen út har hûs set binne. Mei de nije oanpak wol Limor minsken yn har eigen hûs helpe foar't it mis giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)