Ferwûne nei botsing mei trein

18 okt 2004 - 14:07

In 45-jierrige ynwenner fan De Westerein is snein ferwûne oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert nei in ûngelok tusken in trein en in auto.

De man ried yn syn auto oer de spoarweioergong by Sweagerbosk doe't de trein deroan kaam út de rjochting fan De Westerein. De masinist hat noch remme mar koe in botsing net mear tefoaren komme. De auto waard 50 meter meisleept. De brânwacht moast de bestjoerder derút helje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)