Opnij fûllearre yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht opnij previntyf fûllearre yn de Ljouwerter binnenstêd. Der binne yn totaal 277 minsken kontrolearre op it hawwen fan wapens en munysje. In 28-jierrige man út Grins is oanhâlden om't er in fjoerwapen by him hie. Earder hie er dêr in 25-jierrige Ljouwerter mei bedrige.
Fierder waarden noch 4 wapens, 3 messen en in honkbalknuppel yn beslach nommen. De plysje sil tenei faker fûllearje.