'Gjin keazen boargemaster'

17 okt 2004 - 15:59
Foto: Omrop Fryslân

It CDA moat net samar ynstimme mei in keazen boargemaster omdat soks yn it regearakkoart stiet. Dat boadskip jout CDA-boargemaster Bearn Bilker syn partij yn in iepen brief.

Lykas bekend hat de regearingskoalysje ôfpraten dat mei in pear jier de boargemaster direkt troch de minsken keazen wurde sil. No mei de gemeenteried kieze út troch de Kommissaris fan 'e Keninginne foardroegen kandidaten.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)