Skate yn fabrykshal Starum
Yn in leechsteande fabrykshal yn Starum koe de jongerein sneontemiddei de keunst fan it skaten ôfsjen. In demonstraasjeteam út Grins, mei de eardere Nederlânsk kampioen Klaas van der Laan, kaam mei saneamde quarters, railtsjes en rampkes.
Mar de Starumer jeugd koe sels ek oefenje, want úteinlyk moat der in eigen baan yn de stêd komme.