Winst ONS en Boys yn haadklasse

© Omrop Fryslân
Yn de haadklasse sneon wûn ONS Snits op it eigen fjild fan DOS Kampen mei 2-1. De Snitsers kamen op foarsprong troch in eigen doelpunt fan DOS. Foar rêst stie it 2-0. Dat bleau lang sa, mar tsjin de ein skoarde DOS noch.
Ek Harkemase Boys pakte sneon de winst yn de haadklasse. Sy wûnen mei 2-3 fan Urk. It begûn mei 1-1. Yn de 29ste minút makke Sandor Hartman 1-2. De Boys hiene in soad mooglikheden om te skoaren en dêrfan waard der ien benut.