Frou rydt yn op kafee

© Omrop Fryslân
Yn Snits is sneontemoarn betiid in frou fan 42 jier oanhâlden om't se mei har auto oant trije kear ta op de foardoar fan in kafee oan de Kleine Kerkstraat ynriden wie. Neffens de plysje wie de frou dronken.
Werom't se krekt op it kafee ynriden is, is ûndúdlik. Om't der immen efter de doar fan it kafee stie, nimt de plysje de saak wol heech op. De frou sit yn de sel oant de saak goed útsocht is. Har rydbewiis is ynnommen.