Nij asfalt op N351

16 okt 2004 - 15:30

De provinsje begjint moandei oer in wike mei it opnij asfaltearjen fan de N351 tusken Easterwâlde en Wolvegea. Yn ferbân dêrmei wurdt de trochgeande dyk dan ôfsletten by Easterwâlde en Aldeberkeap.

De paralleldyk bliuwt wol iepen, mar dat is allinnich foar minsken dy't dêr yn de buert wenje. Trochgeand ferkear moat omride. Nei alle gedachten nimme de asfaltearingswurksumheden op de N351 mei-elkoar sawat 5 dagen yn beslach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)