Húsdokters wolle ek aksjefiere

16 okt 2004 - 12:36

De Fryske húsdokters wolle ek aksje fiere tsjin it kabinetsbelied. De dokters slute net út dat der staakt wurde sil. De Twadde Keamer wol 50 miljoen euro ekstra besunigje op it budzjet fan húsdokters. En dy moatte al goedkeaper wurkje. Neffens de Fryske húsdoktersferiening geane se der mei inoar acht persint op achterút.

De kâns is grut dat de húsdokters dit wer ferhelje moatte op 'e pasjinten. De dokters binne al langer ûntefreden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)