Meitsje fan krûtfabryk natoer

16 okt 2004 - 11:29

It terrein fan it eardere krûtfabryk fan Muiden Chemie moat yn hannen komme fan Steatsboskbehear, dat der mar in moai natoergebiet fan meitsje moat. Dat sei deputearre Anita Andriesen freed yn 'e Kollumerwaard. Andriesen wie dêr om te fieren dat it eardere militêre terrein no natoergebiet is. It plak fan Muiden Chemie kin dêr moai oan taheakke wurde, ornearret Andriesen.

Steatsboskbehear soe dan earne oars yn Nederlân grûn ynleverje moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)