Brieven Dales noch net oankommen

16 okt 2004 - 09:41

De gemeente Ljouwert sil in twadde kear besykje om tolve brieven besoarge te krijen by de oerlêst besoargers dy't net om lyk wolle. Yn it brief oan de saneamde 'etterbakken' stiet dat de minsken op 'e dyk set wurde, at se noch ien kear foar oerlêst soargje.

De mei de oantekene post ferstjoerde brieven kamen net oan, omdat net ien fan 'e minsken iepen die. De gemeente sil de brieven no nochris mei de gewoane post ferstjoere.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)