De Gordyk: ExpresZo yn klas lêze

© Omrop Fryslân
De Boargemaster Harmsmaskoalle op 'e Gordyk wol it homoblêd ExpresZo brûke as lesmateriaal yn 'e tredde klasse. It blêd waard begjin dizze wike troch in soad skoallen by it âld papier set. Benammen de tolerânsjetest, wêryn't praat wurdt oer in masturbearjende premier Balkenende, foel net yn goeie ierde.
De boargemaster Harmsmaskoalle wol Expreszo ynsette by projektlessen oer seksualiteit.