Teaterstik foar en oer technyk

© Omrop Fryslân
Yn Wergea is freed in begjin makke mei in teaterprojekt dat as doel hat om bern waarm rinne te litten foar technyk. Yn 'e teatertruck fan Tryater wurdt in stik opfierd, wêryn't in wittenskipper weromreizget nei it jier 36 om de moard op in famke yn Drinte foar te kommen. De foarstelling sit fol technyske heechstantsjes en trúks.
De foarstelling 'It eksperimint fan 'e hear Borgers' stiet ek op in CD-rom, dy't nei alle basisskoallen giet.