Ynbrekkers oanhâlden yn Terherne

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtemoarn betiid yn Terherne trije manlju oanhâlden op fertinking fan ynbraak. In Terhernster hearde frjemde lûden by syn hûs oan de Buorren. Doe't er der op ôf gie, seach er gau in auto fuort riden. De man koe it kenteken opskriuwe.
De plysje koe de auto even letter oanhâlde. Yn 'e auto sieten trije Joegoslaven fan 24, 28 en 28 jier. Sy hiene ynbrekkersark yn 'e wein, lykas in brekizer en skroevedraaiers.