Konsintraasje Smilde op H'fean

15 okt 2004 - 16:19

Dochterûndernimming Romi Smilfood fan Keninklike Smilde sil mei de margarineproduksje ferfarre fan Vlaardingen nei It Hearrenfean. It giet om de produksje fan 16.000 ton margarine. De palmoaljeraffinaderij fan Romi Smilfoar giet ek ticht. Hast 120 meiwurkers ferlieze yn Vlaardingen har wurk, 20 kinne meiferhúzje nei Fryslân.

De ferhuzing en konsintraasje op it Hearrenfean is neffens it bedriuw nedich om konkurrearjend te bliuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)