'Beammen út gefaarlike bochten'

14 okt 2004 - 14:28

Beammen yn it bûtengebiet fan de gemeente Dongeradiel dy't by gefaarlike bochten steane moat fuorthelle wurde. Dat wol it CDA-riedslid De Vries. By Wetsens en Nijewier bygelyks ûntsteane sa no en dan gefaarlike situaasjes op de dyk trochdat dykgebrûkers gjin goed sicht ha yn de bochten.

De Vries wol dat de wyldgroei fan beammen oanpakt wurdt. Wethâlder Boorsma sjocht dêr neat yn. De beammen soene der just foar de feiligens stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)