Snits krijt akwadukt yn A7

© Omrop Fryslân
Yn de súdlike rûnwei A7 ûnder Snits komt definityf in akwadukt. Dêrmei liket in rûzje yn it gearwurkingsferbân mei Grinslân en Drinte fan de baan. Dy beide provinsjes woene it akwadukt De Geeuw net opnimme yn in mienskiplik fersyk fan it Noarden om jild fan it Ryk yn it ramt fan Kompasjilden.
De deputearren Bijman en Mulder binne it woansdei mei de Drintse en Grinzer kollega's iens wurden. Yn 2009 moat it akwakdukt klear wêze.