Gjin ynteresse fergees konsert

13 okt 2004 - 16:51

Foar it fergese konsert tiisdei yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert wie net folle belangstelling. Fjouwer minsken wiene ôfkaam op it klassike konsert. Ynklusyf de abonneminthâlders wiene der 35 minsken yn de tsjerke.

It gie om in konsert fan it Slovak Sinfonietta orkest, dat ek wol yn it konsertgebou fan Amsterdam optreedt. It spile muzyk fan Mozart en Tsjaikovsky. De proef fan it fergese konsert is mislearre en sil gjin ferfolch krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)