Meiwurkers NLTO tsjin fúzjeplan

13 okt 2004 - 11:46

In mearderheid fan 'e meiwurkers fan 'e NLTO is tsjin de foarnommen fúzje mei de GLTO en WLTO. Foarsitter Star fan 'e ûndernimmingsried fan 'e NLTO leaut net yn 'e mearwearde fan 'e fúzje. Boppedat tinkt hy dat de service oan de leden der ek net better op wurdt, as der in nije organisaasje optúchd wurde moat.

De leden fan 'e NLTO sille op 15 novimber in beslút nimme oer it wol of net trochgean fan 'e fúzje. It bestjoer fan 'e NLTO is foar de fúzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)