Frou út Gruttegast fermist
De plysje is op syk in 53-jierrige frou út it Grinslanner Gruttegast. Mooglik is de frou yn Fryslân. It giet om Wietske Buma-Zuidema. De frou is sneintemoarn fuortgien op 'e fyts en nea wer thúskommen. De plysje hâldt rekken mei in ûngelok.
De frou is sawat 1 meter 75 lang, se hat in bril en blond hier. Frou Buma hie in reade jas en in spikerbroek oan. Minsken dy't mear witte kinne belje mei de plysje: 0900 - 8844.
Trefwurden:
argyf