Slegte iepent saak yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De ferneamde boekhannelketen De Slegte iepenet in winkel yn Ljouwert. De festiging op de Nijstêd moat oare jier maart, flak foar de Boekewike, iepen gean. Klanten hoege dan net mear nei Grins of Swolle foar twaddehâns- of goedkeape boeken.
Yn de Ljouwerter winkel fan de Slegte sil ek in ôfdieling foar Fryske ramsj komme. De boekhannel komt yn 'e winkel fan antyksaak Beuneker op de stille kant fan 'e Nijstêd.