Arriva lit fakbûnen betelje

12 okt 2004 - 18:21

De skea fan de staking yn it iepenbier ferfier, oankommende tongersdei, sil ferhelle wurde op de fakbûnen. Dy warskôging lit de Arriva-direksje al fêst hearre rjochting de bûnen.

De fakbûnen binne fan plan om tongersdei it iepenbier ferfier yn hiel Nederlân stil te lizzen. It CNV ferwachtet sa'n 500 stakers yn Fryslân. Foar direkteur Hettinga fan Arriva is it trochsetten fan de staking in grutte ôffaller.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)