Flearmûzen fertraagje sloop

© Omrop Fryslân
In pleats oan de Achlumerdyk yn Harns wurdt hoeden ôfbrutsen om't der flearmûzen yn húzje. De flearmûs is in beskerme beestesoart en dêrom moat de pleats yn fazes ôfbrutsen wurde.
De bisten moatte neffens de Flora- en Faunawet de kâns ha om in oar plak te sykjen. Tiisdei is in part fan it dak derôf helle en binne der gatten yn 'e spaumuorre makke. De gemeente Harns ferwachtet dat de flearmûzen yn inkele dagen fuort binne.