Saak-Eringa einlik oan 'e kant

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Ljouwert hat moandei yn mearderheid in 'moasje fan treurnis' oannommen. De moasje waard yntsjinne troch PvdA, PAL, FNP, SP, D66 en VVD'er Van Ulzen. De partijen sette dêrmei in punt achter de saak-Eringa.
Trou-amtner Eringa wegeret homostellen te trouwen. De ried naam earder in moasje oan wêryn't se it kolleezje frege de wegereftige trou-amtner te ûntslaan. Ikolleezje fierde de moasje net út. Frou Eringa bliuwt no oant 2015.