Falske oanjefte ferkrêfting

© Omrop Fryslân
In famke fan 13 fan It Hearrenfean hat in falske oanjefte dien fan in groepsferkrêfting. It famke waard snein slim ûnder ynfloed fan alkohol troch de plysje fan 'e strjitte helle. By oankomst yn it sikehûs die it famke oanjefte fan groepsferkrêfting.
De plysje pakte dêrop fjouwer Feansters op fan 15, 16 en 19 jier âld. Nei ferhoaren die bliken dat allinnich seksuele nahhenlings plakfûn ha tusken it famke en de 15-jierrige jonge.