Beloften It Fean bekerje fierder

© Omrop Fryslân
De beloften fan SC Hearrenfean hawwe moandei de achtste finale berikt yn de Amstel Cup foar belofteteams. De jonge Feansters spilen thús tsjin jong FC Grins. De wedstriid einige yn 1-1 en dêrmei steane de Grinzers ek yn de achtste finale. It Feanster doelpunt waard makke troch Patrick Hoep.
It belofteteam fan Cambuur spile moandei ek. Sy moasten tsjin jong- Veendam. De Ljouwerters ferlearen mei 0-2 en lizze dêrmei út de Amstel Cup.