Ramses Landman 2e op NK wynsurfe

© Omrop Fryslân
Ramses Landman fan Marsum is sneon op Flylân twadde wurden op it Nederlânsk Kampioenskip Wynsurfen. Landman hie tefolle achterstân yn it klassemint om noch kampioen te wurden. Landman pakte wol goud op it ûnderdiel 'free wave', it surfen op 'e golven.
Op Flylân wiene it ôfrûne wykein de golven te flak om op te surfen. Landman pakte de winst al earder op Texel en yn Dútslân. Markus Bouman (18) út Dokkum waard kampioen by de jeugd.