Grou: kreakje as anty-kreakwacht

12 okt 2004 - 09:41

De âlde Mavo fan OSG-Sevenwolden oan de Stasjonsstrjitte yn Grou is kreake. De Ljouwerters hoopje der in heal jier wenje te kinnen mei in saneamd anty-kreakkontrakt. Dan moatte se it gebou skjinhâlde en derfoar soargje dat it net nochris kreake wurdt.

De gemeente Boarnsterhim is eigner fan it skoalgebou dat sûnt juny 2002 leech stiet. Se wol it slope en der hierappartemonten foar âlderein yn húsfeste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)