Dúnbrân op Flylân

© Omrop Fryslân
Op Flylân wie moandeitemiddei in dúnbrantsje. Dat wie flak by it hotel Seeduyn. Dêrby is sawat 3000 fjouwerkante meter natuer ferlern gien.
De brân waard bestriden troch de beide brânwachtauto's fan it eilân en troch in ploech fan definsje. Mei-elkoar wiene der tweintich minsken by belutsen. Yn trije kertier tiid wie it fjoer ûnder kontrôle. It hotel rekke net yn 'e brân.