Gomarus: Expreszo by âld papier

11 okt 2004 - 17:14

In soad skoallen yn Fryslân ferspriede it homo-jongereinblêd Expreszo net, omdat dat harren net frege is. Kristlike skoallemienskip Comenius yn Ljouwert hie it blêd graach ferspriede wollen, mar hat Expreszo nea ûntfongen.

Skoallemienskip Gomarus yn Drachten hat Expreszo by it âld papier dien, omdat it blêd net by de identiteit fan 'e skoalle passe soe. De haadredakteur fan Expreszo klaget deroer dat in soad skoallen it blêd net ferspriede.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)