De Jouwer - Germania: 5 - 0

11 okt 2004 - 16:57

De Jouwer wie snein goed op skot tsjin Germania út Groesbeek. Der wie snein in helderol foar Johnny de Jonge. De Jonge hie al in skoft net mear yn 'e basis stien, mar snein waard er wer opsteld troch trainer Bert Hollander. De Jonge wist goed fan syn kâns te profitearjen, want hy skoarde twa kear.

Harold de Vries iepene flak foar rêst de skoare foar De Jouwer. Oane Hornstra skoarde nei rêst ek twa kear. Germania krige twa reade kaarten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)