Aris wint fan lânskampioen

11 okt 2004 - 13:25
Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan Aris boekten sneon in folslein ûnferwachte oerwinning yn harren earste wedstriid yn 'e earedivyzje. De Ljouwerter promovendus wûn yn Grins fan lânskampioen Capitals mei oertsjûgjende sifers: 71-82.

Ferdigenjend spilen de mannen fan coach Tom Simpson in bêste wedstriid. By rêst wie de stân 35-45. Topskoarer waard de nije guard Dallas Logan mei 21 punten. Oare útblinkers wiene Brandon Woudstra en Evert-Jan Siderius.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)