Jonge rêdt himsels fan ophinging

© Omrop Fryslân
In jonge fan 10 jier út Rotsterhaule hat himsels snein krekt op 'e tiid rêden kinnen fan ophinging. Hy wie oan it boartsjen mei in slingertou oan in beam. Nei alle gedachten is er nei ûnderen ta gliden, wêrby't de strop oan it ûnderste útein om syn nekke strûpte.
De jonge hat himsels befrije kinnen. Hy is mei de traumahelikopter oerbrocht nei it Akademysk Sikehûs yn Grins.