Pittige straf foar FVC
Fuotbalklub FVC fan Ljouwert hat fjouwer punten yn mindering krigen en in boete fan 250 euro. Dat is de straf fan 'e KNVB foar it stil lizzen fan 'e wedstriid fan ferline wike tsjin GVAV Rapiditas. FVC-spiler Feike Wilpstra soe yn dy wedstriid de skiedsrjochter skopt hawwe. Boppedat soe Michel Hofstra de skiedsrjochter in stjit mei de kop jûn hawwe.
Hofstra en Wilpstra meie harren 30 dagen net fertoane op it FVC-fjild.