Oppakt foar bedriigjen Dales

11 okt 2004 - 09:44

In ynwenner fan Harns is sneontejûn yn syn wenplak oanhâlden foar it bedriigjen fan boargemaster Dales fan Ljouwert. De man sei dat er Dales fermoardzje woe. De plysje wie de Harnzer op it spoar kaam troch in tip.

De man is arresteard en meinommen nei it plysjeburo. De man is sneintemoarn heard. Hy kriget in proses-ferbaal foar it bedriigjen fan Dales. De plysje tinkt dat de man yn 'e war wie. Hy sil noch fierder ûndersocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)