HZPC sil telers mear útbetelje

© Omrop Fryslân
Hannelshûs HZPC fan De Jouwer sil fan takommend jier ôf in grutter part fan de ynkomsten útbetelje oan de telers. Dat hat it bedriuw bekend makke. HZPC wurket by de ôfset mei in soarte fan poulesysteem, wêrby't de marzje bepaald wurdt troch in fêste formule.
Dy formule is no oanpast, sadat de telers tenei in grutter part fan 'e ynkomsten krije. It giet dan yn trochsneed om in bedrach fan 25 sint op 100 kilo.