Boereclubs smite de lapen gear

© Omrop Fryslân
De fúzje tusken lânbouorganisaasjes NLTO, GLTO en WLTO kin trochgean, wat de bestjoeren oanbelanget. Dy hawwe dêrfoar grien ljocht jûn. De grutte organisaasje behertiget de belangen fan boeren yn Noard-Nederlân, Flevolân, Oerisel, Gelderlân, Utrecht en Noard- en Súd-Hollân. De NLTO wie earst tsjin fanwege ûndúdlikens oer finansjele gefolgen. De leden fan 'e trije boereclubs moatte de fúzje noch wol goedkarre.