Mear jild nedich foar akwadukten

© Omrop Fryslân
It kabinet moat mei ekstra jild oer de brêge komme foar de oanlis fan it akwadukt De Geeuw by de A7 om Snits hinne. Oars komt de opwurdearring fan dy A7 yn 'e Snitser rûnwei yn gefaar. Dat sei deputearre Mulder freed by it offisjeel úteinsetten fan 'e bou fan trije akwadukten yn 'e Súdwesthoeke.
Der komme akwadukten by Galamadammen, yn Wâldsein en yn 'e Jeltesleat. Akwadukt Houkesleat by Snits is al in skoft klear.