Fûns foar monuminten

09 okt 2004 - 12:21

Foar de restauraasje fan monuminten yn Ljouwert moat in permanint fûns komme. De stipe soe dan bestean út lienings mei in lege rinte. Dat útstel dogge de VVD en de PvdA yn 'e Fryske haadstêd. In soad monuminten yn 'e stêd stean op 'e wachtlist foar in opknapbeurt. Mei dit nije fûns soene se earder oan bar wêze. Yn it fûns moat in bedrach fan hast 4 miljoen euro komme. Dat kin allinnich as de gemeente der ek goed 2 miljoen euro yn stekt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)