Jild foar jongerenprogramma's

© Omrop Fryslân
It ryk jout in subsydzje fan hûndertûzen euro foar Fryske radio- en tv-programma's spesjaal foar jongeren. Deputearre Mulder hat dêr in akkoart oer berikt mei steatssiktaris Medy van der Laan.
Yn it Bestjoersakkoart Frysk stiet dat der in folslein programma-oanbod wêze moat yn it Frysk. Omrop Fryslan is wiis mei de subsydzje. Mooglik komt der in taalkwis foar jongeren en in spesjale radiostjoerder foar jongeren.